Gerrit Breteler

Jûnsliet


Imprimir canciónEnviar corrección de la canciónEnviar canción nuevafacebooktwitterwhatsapp

Neat is nij ûnder de sinne.
'k Sis de âlde preker nei.
Alles wêr 't wy oan begjinne.
't Wie al dien en rekket wei.
Alles wat men by de ein hat,
hat úteinlik slot noch sin.
Dy 't de hiele wrâld trochflein hat.
Komt wer út by it begjin.

Alles dat men ea bestribbe.
't Wie fergees en om 'e nocht.
Wêr ta hat in minske libbe
as it der gjin sprút ta docht.
Hoefolle kranten wur' der lêzen.
Hoefolle boeken bin' der skreaun.
En dochs is op ierd' yn wêzen
neat net hy it âlde bleaun.

Lit ús dan yn frede dreame
fan in Eden sûnder slang.
En gjin goed en kwea beneame.
Efkes frij fan drang en twang.
Hear se roppen, hear se razen.
Wyld oerdwealsk en fanatyk.
Hear, de wrâld sit fol mei dwazen.
Slaven fan 't wurd gelyk.