Piter Wilkens

Al myn gelok


Print songSend correction to the songSend new songfacebooktwitterwhatsapp

Der falt neat te sizzen, der falt neat te dwaan
der falt neat te nimmen, der falt neat te jaan
as in blom oan 'e stâl sit ik oan dy fêst
as bern kinne wy boartsje yn in finne fan rêst

Der is gjin besit, der is gjin gefjocht
gjin do of ik, gjin kwea en gjin rjocht
as in tek wite snie binne wy ien
as in klear blauwe loft, as in muorre fan stien

Soms fljocht it my oan en wit my gjin rie
en woe dat ik reedlik en makliker wie
om neat meitsje ik my faak ôfgryslike drok
krekt as wol ik net wenne oan al myn gelok

Mei dy kin ik prate en sizze wat ik fiel
om dy kin ik gûle, do sitst yn myn siel
mei dy kin ik laitsje en jou mysels bleat
do bist myn gewisse, myn goed en ferkeard

Do litst my gewurde en do hâldst sa fan my
do joust my sa'n protte en wat jou ik dy
ik spat faak sa op en ik skel en ik flok
krekt as set ik my ôf tsjin al myn gelok

Ik besykje te sizzen watsto foar my bist
ik kin gjin wurden fine dus fanke, dit is it
do bist as de moanne, it ljocht yn 'e nacht
do bist de boarne wêr troch myn hert slacht

Soms fljocht it my oan en wit my gjin rie
en woe dat ik reedlik en makliker wie
ik bin faak sa noartsk, in sinnich âld bok
en ik sjoch fierste let nei al myn gelok

Ja ik wit net wêrom, mar ik wit it is krom
ik sjoch fierste let, do bist al myn gelok