Piter Wilkens

Blaasmusyk

Print songSend correction to the songSend new songfacebooktwitterwhatsapp

Sneontejouns dan is d'r disko, dûnsje op in ritmebox,
En se folget de top 40, it is hast in paradox,
Want elke dei pakt sy de bugel, en wat is se fanatiek,
D'r is altyd en ieuwig blaasmusyk.

It giet net sa bêst op skoalle, hij blieuwt wer sitten dat is wis,
En ûnderwizers sisse plan út, dat d'r in misselijk jonkje is,
Mar hij koestert syn trombone, en gjin 1 hat sa'n techniek,
D'r is altyd en ieuwig blaasmusyk.

Wa't de jeugd hat, hat de takomst, nee die blaast noait yn mineur,
Wa't de jeugd hat, hat de takomst, die jout it deistig libben kleur,
Yn it doarpshûs, op it sportfjild, mei de merke op'e dyk,
D'r is altyd en ieuwig blaasmusyk.

Se hâld fan sporten en fan jongens, en fan hingje mar wat om,
It is sa'n frij en fleurig fanke, ja 't is nog sa'n jonge blom,
Mar op't kornet dat wurt se earnstich, en wol lyke energiek,
D'r is altyd en ieuwig blaasmusyk.

Lit goun âlde seur mar sisse, dat d'r neat doocht fan de jeugd,
Dat sil altyd wol sa blieuwe, sokken sjoche nea gjin deugd,
D'r is altyd nije oanwaaks en elke lichting is unyk,
D'r is altyd en ieuwig blaasmusyk, blaasmusyk!
D'r is altyd en ieuwig....

As ik sjoch nei die gesichten, nei de wille en de nocht,
As ik hjear nei al die klanken, wat in bij in minsken docht,
Dan fjil ik skoan dyselfde leafde en wat binne wij dochs ryk,
D'r is altyd en ieuwig blaasmusyk, blaasmusyk!
D'r is altyd en ieuwig....