
Libbensljocht
Libbensljocht
t Is tsjuster yn myn libben
yn myn hert bin ik ferslein
alle plannen dyt wy hienen
binne yn in sucht ferflein
De rein falt yn myn libben
Yn myn tinzen bink by dy
k Woe sa graach noch ien kear krûpe
werom, is dyn libben no foarby, no foarby
Refrein
Dyn ljocht giet út
it skynt net mear
Dit ôfskie docht sa sear
Rést no mar út
Oan dizze striid komt no in ein
In lêste tút foardat´k dy loslit
Foar it lêst pak ik dyn hân
Wersto ek bist, ´k wol dasto witst
Dasto foar altyd
libje silst
yn myn hert
In ljocht skynt yn myn libben
ek al falt dit ôfskie swier
As in stjer dy´t foar my út giet
en my myn paad wiist troch de tiid
Bin ik tankber foar alle dagen
foar dyn fleur en libbensljocht
foar de leafde dyst my jûn hast
foar al it moais wat ik mei dy belibje mocht
Refrein
Dyn ljocht giet út
it skynt net mear
Dit ôfskie docht sa sear
Rést no mar út
Oan dizze striid komt no in ein
In lêste tút foardat´k dy loslit
Foar it lêst pak ik dyn hân
Wersto ek bist, ´k wol dasto witst
Dasto foar altyd
libje silst
yn myn hert
Wersto ek bist, ´k wol dasto witst
Dasto foar altyd
libje silst
yn myn hert