Piter Wilkens

Mem Har Pop


Print songSend correction to the songSend new songfacebooktwitterwhatsapp

Op de legere skoalle wie ik al sa ferlegen
Ik kaam altyd mei wat skruten efteroan
Fan kattekwea doarst ik net iens te tinken
'k Wie al benaud as master spruts op strenge toan

Ik koe net leare, ik koe net sporte, ik hie gjin freontsjes,
De grutste slappeling dy koe my slaan
Mar thús by mem fielde ik my in keardel
Thús by mem koe ik de moaiste spultsjes dwaan

Ik bin in siel, in sloarm, in tomkesobber,
In snotnoas, weak en tear en slop
In suertsje, in seur, in sí»ch, in suffert, síªft en slí»ch
Mar altyd mem har pop

Fjin inkelde frou wol mei my troch it libben
Omdat ús mem der altyd tusken sit
En boppedat wit ik net iens wat ik dwaan moat
As de frou in kwetsje it oan my oerlit

It libben is hurd, mar stadichoan wurdt ik flinker
Want ús mem, sy lit my no wat frij
Myn jongere broerke is krekt trijentritich
En hy nimt in hí»d fol wurk no oer fan my