Piter Wilkens

Wolkomstblues


Print songSend correction to the songSend new songfacebooktwitterwhatsapp

Sy fleane oeral hinne, it skouke op it dak
Mei borgers, Bijke en bearenburch yn'e efterbak
Sy betelje it leafst yn Friso's, alles is in sí»venir
As it mar net tefolle kosset, nee dan keapje sy wel bier

In read ferbaarnde harsens, pompeblíªdepet der op
En oars wol te herkennen oan it gesí»p en it gerop
Mei skonken wyt as kryt lí¢ns de Mediterranee
Mar moatt'de klompen út no dan sjochtst sy net yn see

Sjinezen binne grut yn tal, Egypte is hiel í¢ld
Mar Friezen komm'je oeral tsjin, oeral op 'e wrí¢ld

Sy fleane oaral hinne, al hiel wat ieuwen lang
En binne just om utens sjauvinist mei sang en klang
Sy sjonge de "Alde Friezen"oeral, skik noch roai
Mar kinne net de titel en fine ien koeplet al moai

"It bíªste lí¢n fan d'ierde" in in efterí´f stik slyk
Mar it hí¢ld har wakker dwaande en sy fin' harsels unyk
Sy sille harren warre yn é wapens mei Star-Wars
De Frisianisaasje : Marsum, moanne, Mars !

Sy binn'goed yn frjemde talen mar ha harren eigen noait goed
Sy ha noch nea in kriich wí»n, mar sjoch hoe it marsjeard
Sakeman, toerist, í»ntwikk'lingshelper, sporter, boer
It grutte Fryske leger, it fljocht de hiele ierde oer