De swalker


Al as in jonkje fan in jier as tsien gie hy syn eigen gong
Wat him net sinde dêr gie hy tsjin yn, al wie hy noch sa jong
Doe`t hy in jier as fjouwer âlder wie en it libben yn `e gaten krig`
Doe wist hy wat hy letter woe, hy dreamde doe al fan it avontoer

En no`t hy dan folwoeksen is sit hy oan nimmen fêst
En al sit hy faaks ek wolris mis, hy is gjin ien ta lêst
Hy wol him net bine oan in plak of lân, hy strúnt it leafst de ierde rûn
Om alles fan de wrâld te sjen want yn eltse stêd leit in nij begjin

Hy swerft troch stêd en lân, hy rûkt it avontoer
Hy is yn hâldershân, de swalker sit ticht by it fjoer

Hy hat net folle jild om hannen, mar einliks hat hy mear as do en ik
Hy hat gjin inkele ferplichtingen en hy krijt nea in oantekend stik
Hy is de kening te ryk want hy is lyk man mar fêstichheid hâldt hy net fan
Hy jaget oeral eat wat nei en eltse dei komt tichterby

Hy swerft troch stêd en lân, hy rûkt it avontoer
Hy is yn hâldershân, de swalker sit ticht by it fjoer

Men sjocht him mei de nekke oan, mar dat makket him net út
Want hy hat in protte wille hân at hy aanst syn eagen slút
Hy hat beide kanten fan it libben sjoen
En hoe `t it kwea it fan it goede wûn
Dus hy wit wol wat hy meitsje kin
Want dizze frjemde fûgel docht syn eigen sin

Ja hy is frij, fûgelfrij, hy slacht syn wjukken út eltse dei
Hy libbet yn syn eigen wrâld, dus wat men seit dat lit him kâld

Hy swerft troch stêd en lân, hy rûkt it avontoer
Hy is yn hâldershân, de swalker sit ticht by it fjoer