It Lêste Liet
It Lêste Liet
Dit 's it lêste liet dat wy foar jo bringe
Ja, 't is wier, ja, 't is wier
Oan alles komt in ein, dêr kin' wy net omhinne
It falt ús swier, it falt ús swier
Mar we komme graach werom en oan ús sil it net lizze
Jo skilje mar, want wy bin' altyd ree
Auf wiederseh'n, tabee, oant sjen
Dit wie it dan foar hjoed
Dit is it lêste liet, it giet jim' goed
Jo kin' ús fansels fan radio en televyzje
Sûnder mis, sûnder mis
Lykwols sjonge we 't leafst foar entûsjast' klandyzje
Dat is wis, dat is wis
Mar we komme graach werom en oan ús sil it net lizze
Jo skilje mar, want wy bin' altyd ree
Auf wiederseh'n, tabee, oant sjen
Dit wie it dan foar hjoed
Dit is it lêste liet, it giet jim' goed
As de barman seit: 'De taap komt net mear iepen'
Dan is 't net oars, dan is 't net oars
No, dan gean we sa op hûs ta, om te sliepen
As in roas, as in roas
Mar we komme graach werom en oan ús sil it net lizze
Jo skilje mar, want wy bin' altyd ree
Auf wiederseh'n, tabee, oant sjen
Dit wie it dan foar hjoed
Dit is it lêste liet, it giet jim' goed
Mar we komme graach werom en oan ús sil it net lizze
Jo skilje mar, want wy bin' altyd ree
Auf wiederseh'n, tabee, oant sjen
Dit wie it dan foar hjoed
Dit is it lêste liet, it giet jim' goed
Dit wie it lêste liet, it giet jim' goed