Sjoch Ik Sjong


Sjoch Ik Sjong

Doe't ik jong wie, ûnbedoarn en frij
Koe ik dwaan en litte wat ik woe
Lykwols fielde ik wol d'r komt in dei
Dat ik dy earne moetsje soe

Sjoch ik sjong dit liet mei hiel myn hert
In liet oer leafde mei 't ferskil
Dat ik tink oan dy oars doch ik hast net
Oant ik dy werom sjen sil
Oant ik dy werom sjen sil

Ik wit in muzikant tinkt net fierder as hjoed
En jout sa in ûnwis bestean
Want de muzyk rint altyd noch troch syn bloed
Hy kin bliuwe of hy kin gean

Sjoch ik sjong dit liet mei hiel myn hert
In liet oer leafde mei 't ferskil
Dat ik tink oan dy oars doch ik hast net
Oant ik dy werom sjen sil
Oant ik dy werom sjen sil

Yn Rome, Paris, oeral wie der publyk
Ik reizge de wrâld yn it rûn
Mei gitaar op 'e rech wie 'k altyd op 'e syk
Oant ik dy yn ús doarpke, hjir, fûn!

Al rint it libben net altyd sûnder in fâld
Is 't net moarn, juster, hjoed, lang ferlyn
Mar ik wit no goed wêr't ik it measte fan hâld
Al wat 'k socht is wat ik by dy fyn

Mar ik sjong dit liet mei hiel myn hert
In liet oer leafde mei 't ferskil
Dat ik tink oan dy oars doch ik hast net
Oant ik dy werom sjen sil
Oant ik dy werom sjen sil