Katarsis
Doe't God ferdwûn út Jorwert
ferdwûn de slachter en de bakker
en de doarpsgek ek, de stakker
en by einbeslút de boer
der bliuwt neat fan Fryslân oer
No't ús lân rûnom ferwylget
foarby, foargoed, ferlern
moarn is der neat mear fan te sjen
Yn 'e kroech koe 'k it sa moai sizze
moast ik it dy, myn skat, útlizze
dat it doogde yn 'e grûn
dat der leafde wie foar't wûnder
foar it wêzen yn't bysûnder
dat de roas doe ek ferwylge
as it gers, myn leave skat
mar wy wienen bern fan God
De God fan doe en letter
dy't mei ús rûn oer't wetter
Ivich en aloan
en Maria ek har Soan
it ferbyldzjen bin' we kwyt
halleluja ta myn spyt
no't it wûnder ek ferwylget
grutskalich, lomp en plat
ik haw dy leaf, myn lytse skat
Ik hie God en ik hie Bach en ik hie Nietzsche
dat wie ferdomd net in lyts bytsje
mar wat jout it ús yn wêzen
alle boeken dy't we lêze
as we rinne sûnder sinne
op 'e weagen fan 'e see
ik haw dy leaf, hoe sis ik dat
mei of sûnder God
en ivich boppedat
Ach it wie doe fêst net better
mar it wie sa moai foar letter
it treast foar't grut farwol
hoe hâldt in minsk' it fol
as er ivich libje wol
no't myn roas ek al ferwylget
as it gers myn lytse faam
is dy treast my dochs ûntkaam
Ik hie God en ik hie Bach en ik hie Nietzsche
dat wie ferdomd net in lyts bytsje
mar wat jout it ús yn wêzen
alle boeken dy't we lêze
as we rinne sûnder sinne
op 'e weagen fan 'e see
ik haw dy leaf, hoe sis ik dat
mei of sûnder God
en ivich boppedat